Ungelok troch glêde diken

© Omrop Fryslân
In 19-jierrige man út Donkerbroek is tongersdei ferwûne rekke by in ûngemak op de Pegge yn syn wenplak. Troch de glêdens ferlear hy de macht oer it stjoer en kaam yn in sleat telâne. Hy rekke ferwûne oan de holle, nekke en rêch. It slachtoffer is oerbrocht nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten.
Waarman Piet Paulusma warskôget dat benammen freedtejûn en sneontemoarn de diken glêd wurde troch snie en izel.