Grûn fersakket yn T'diel

© Omrop Fryslân
De grûn yn Tytsjerksteradiel sakket gauwer as ferwachte troch de gaswinning yn de gemeente. Dat docht bliken út in prognoaze fan de Commisie Bodemdaling.
Ferwachte wie dat de grûn oer 20 jier 14 sentimeter sakje soe, mar dy fersakking is no al berikt. Yn T'diel wurdt al sûnt de jierren '70 gas wûn. Yn de grûn sit 32 miljard kubieke meter gas. Neffens de kommisje moatte der maatregels naam wurde om it wetterpeil op feilige hichte te hâlden.