Beorn Nijenhuis nei OS op 1 km

30 des 2005 - 11:41

Reedrider Beorn Nijenhuis hat him tongersdei op de 1000 meter pleatst foar de Olympyske Spelen. Nijenhuis ried op it iis fan Thialf op It Hearrenfean de tredde tiid: 1.09.61. Earder hie Nijenhuis him ek al op de 500 meter foar Turijn pleatst.

Jan Bos waard Nederlânsk Kampioen mei in tiid fan 1.09.08. Neist Bos en Nijenhuis pleatsten ek Erben Wennemars (2e) en Stefan Groothuis (4e) foar de Olympyske Spullen op de 1000 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)