Fjild Hearrenfean goed genôch

© Omrop Fryslân
De wedstriid tusken Hearrenfean en Ajax fan freedtejûn giet sa goed as wis gewoan troch. Troch it minne waar wie it fjild bedekt mei in protte snie, mar neidat frijwilligers it fjild sniefrij makken, kaam der in moaie gersmatte ûnder wei. En dat is opfallend omdat de gersmatte noch mar trije wiken âld is.
Neffens direkteur Henk Hoekstra is it fjild no sa goed omdat de fjildferwaarming no mear warmte produsearje kin.