Lute Pen op 'e nij listlûker

© Omrop Fryslân
Wethâlder Lute Pen fan Menameradiel wurdt krekt as yn 2002 listlûker foar Gemeentebelangen Menameradiel. Ek fierderop op de list is net folle feroare yn fergeliking mei fjouwer jier lyn. Alle sittende riedsleden stean op ferkiesbere plakken.
Wethalder Pen krige ferline wike noch in soad krityk út de gemeenteried, foar syn rol by de privatisearring fan rekreaasjesintrum Schatzenburg by Menaam.