Keunstko stellen

© Omrop Fryslân
Ut in tún oan de Van Limburg Stirumwei yn Kollum is in keunstko stellen. De grutte lizzende swartbûnte ko wie ferankerd mei 4 bouten yn in betonplaat. Mar dat hâlde de dieven net tsjin it bist los te heljen en mei te nimmen.
Eigner Sietze en Sietske Adema binne bot fernuvere oer de stellerij en hoopje dat de ko werombrocht wurdt. Der is oanjêfte dien by de plysje. De ko stie der noch mar fjouwer moannen.