Aris ferliest krekt fan Grins

17 mrt 2012 - 23:27

De basketballers fan Lasaulec Aris hawwe it koprinner GasTerra Flames fan Grins sneontejûn hiel lestich makke, mar ferlearen dochs mei 72-69. Yn sporthal It Kealledykje wie it ferskil healwei mar ien punt: 36-35 foar Aris. It tredde kwart wie mei 16-14 foar Grins en ek it fjirde en lêste kwart gong mei 21-19 nei de Grinzers.

Brandon Rozzell waard foar Aris topskutter mei 19 punten.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)