Nijenhuis nei Olympyske Spullen

29 des 2005 - 14:11

Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean hat him kwalifisearre foar de 500 meter op de Olympyske Spullen yn Turijn. Yn de earste rit waard Nijenhuis noch sechde, mar troch it twadde plak yn de twadde rit, waard Nijenhuis yn it einklassemint twadde.

Simon Kuipers fan It Hearrenfean waard yn de earste rit noch earste, mar moast mei in ljiskblessuere ôfsizze foar de twadde. Ek Jan Bos (earste) en Erben Wennemars (tredde) pleatsten harren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)