Oanhâlding nei bedriging mei mes

29 des 2005 - 12:32
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat in 61-jierrige man oanhâlden. Hy soe in 16-jierrige Drachtster bedrige ha mei in mes.

Dat gebeurde woansdei op in sportfjildsje oan it Lidlum yn Drachten. De jonge wie dêr mei freonen oan it karbidsjitten. De fertochte kaam lilk nei bûten mei in grut mes. Dêrmei soe de man ferskate kearen stekkende bewegings makke ha nei de jonge.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)