Sprekrjocht kommisjes útwreide

29 des 2005 - 11:42

De gemeente Weststellingwerf wreidet it sprekrjocht foar boargers en organisaasjes yn riedskommisjes út. Neist it sprekrjocht oer saken fan 'e aginda jildt fan 1 jannewaris ôf it sprekrjocht ek foar saken dy't net op 'e aginda steane.

De fatsoensnoarmen moatte wol yn acht nommen wurde en it moat dúdlik wêze út namme fan wa de persoan sprekt. De kommisje komt de ûnderwerpen en de sprekkers wol yn 't foar te witten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)