Nij swimbad yn Kollum

29 des 2005 - 11:42

Kollum hat der sûnt woansdei in swimbad by. It oerdekte bad is ûnder oare bedoeld foar spesjale doelgroepen as swangere froulju, âlderein en foar sportswimmen. It swimbad mei in lingte fan 16 meter hat ien miljoen euro koste.

De gemeente is bliid mei it bad dat tusken de sporthal, toskedokters, húsdokters en ferpleechtehuzen stiet. It wetter wurdt net mei gloar ûntsmet, mar op in oare wize. Benammen astmapasjinten ha lêst fan gloarlucht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)