Boek oer slach by Koarnwertersân

29 des 2005 - 11:18

In nij boek oer de slach by Koarnwertersân moat dúdlik meitsje hoe folle Dútske slachtoffers der yn 1940 by de Ofslútdyk fallen binne. Yn maaie 1940 wisten sa'n 225 Nederlânske soldaten fiif dagen lang in Dútske oermacht tsjin te hâlden. Uteinlik moasten se de striid opjaan nei't Nederlân kapitulearre.

Minsken dy't noch ynformaasje ha oer de slach, kinne dit kwyt op de website www.kazemattenmuseum.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)