Wüst wint trije kilometer

29 des 2005 - 11:01

Ireen Wüst wûn woansdei de trije kilometer op de NK ôfstannen. Sy fertsjinne dêrmei in startbewiis op dizze ôfstân op de Olympyske Spullen. De winnende tiid fan Wüst wie 4.04'33". Renate Groenewold hie mar in pear tsienden mear nedich: 4.04'64". Moniek Kleinsman waard tredde yn 4.07'03".

Wieteke Cramer waard fjirde en mei sadwaande op dizze ôfstân net starte yn Turijn. Itselde jildt foar Gretha Smit, dy't fyfde waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)