'Intercity bêste alternatyf'

© Omrop Fryslân
In intercityferbining is de bêste fariant fan de Suderseeline. Dat docht bliken út in enkête, dêr't 2400 minsken oan meidien ha. It ûndersyk is dien yn opdracht fan de projektorganisaasje Suderseeline.
De Twadde Keamer wol de beslútfoarming oer de Suderseeline oars oanpakke as by de oanlis fan de HSL en de Betuwerûte. Dy ferbinings foelen folle djoerder as berekkene.