Noch trije gefallen fan tbc

© Omrop Fryslân
Der binne yn Harns nei 15 desimber noch trije minsken fûn dy't ynfektearre binne mei tbc. Dat lit sûnenstsjinst GGD wite. Heal novimber is ûntdutsen dat der in tbc-besmetting wie yn de havenstêd.
Yn totaal binne der no 17 minsken besmet en de situaasje liket aardich ûnder kontrôle. De ûndersiken gean gewoan troch. Twa wike lyn is der ek tbc by in frou (25) fan It Hearrenfean fûn. Dêr binne noch 3 gefallen by kaam.