Wolwêzensfûns foar katten

28 des 2005 - 16:18
Foto: Omrop Fryslân

De tekenaresse Francien van Westering fan Sânhuzen hat in spesjaal wolwêzensfûns foar buorkerijkatten oprjochte. Se wol boeren derop wize dat se better mei har katten omgean moatte.

Doe't se fiif jier lyn fanút de Rânestêd nei Sânhuzen kaam, skrok se fan de wize wêrop op guon pleatsen mei katten omsprongen wurdt. Mei har fûns tinkt se mear foarljochting jaan te kinnen oer sterilisaasje en kastraasje fan de bisten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)