Aldjiersfeest yn Tsjummearum

© Omrop Fryslân
De jongeren fan Tsjummearum hoege âldjiersnacht net op strjitte troch te bringen. Der wurdt nei tolven in feest yn de sporthal regele. Twa jier ferlyn wie dat net it gefal en doe rûn it hielendal út de hân.
It evenemint stie inkele wiken ferlyn noch faai om't de gemeente net bydrage woe yn de kosten. Mar Froukje en Geertsma en Dinie van Krimpen fûnen yn gearwurking mei Vaartjes fan de sporthal inkelde sponsors.