Jonges oanholden foar fernieling

© Omrop Fryslân
Op de Twibaksmerk yn Ljouwert binne yn de nacht nei woansdei fiif jonges yn de leeftyd fan 15 oant 18 jier oanholden foar fernielings oan auto's. Doe't de plysje op it plak sels oankaam wiene de fiif jonges al fuort.
In tsjûge hat in sinjalemint jûn en sa koene de knapen op it Ruterskwartier oanholden wurde. Fjouwer jonges út Ljouwert en ien út Middelburch binne oerbrocht nei it buro. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de fernielings.