Net folle fjoerwurk-boefkes

© Omrop Fryslân
It Halt-buro dat strafsaken foar jongerein ôfhannelet, hat it tige rêstich mei ôfstekkers fan fjoerwurk. Der geane oant no ta folle minder jongeren yn de fout mei fjoerwurk as ferline jier. Dat komt neffens it Halt buro troch it strange plysje-optreden fan ferline jier.
It Haltburo, dat yn Ljouwert sit, hat oant tiisdei 30 jongeren ûnder de 18 jier oanpakt. Ferline jier wiene dat der 200 yn de hele âld en nij-perioade.