Dominomûzen sykje nij hûs

© Omrop Fryslân
Bistenopfang De Wissel yn Ljouwert sit bot yn de mage mei de 18 saneamde Dominomûzen. De mûzen dy't yn beslach nommen binne by Domino D-Day yn it FEC, sitte noch hieltiid yn it asyl te wachtsjen op in nije baas. Oant no ta hat net ien him foar de bistjes melden. De Wissel hat dêrom no besletten de mûzen op ynternet oan te bieden.
Twa studinten hiene heal novimber besocht Domino D-Day te ferstoaren troch de mûzen yn it FEC frij te litten.