Winteropfang yn Snits iepen

© Omrop Fryslân
De spesjale winteropfang foar dakleazen yn Snits sil tiisdei foar it earst har doarren iepenje yn ferbân mei it winterwaar. De opfang oan de Kleine Palen yn Snits sil nei alle gedachten alle nachten dat it kâld is iepen wêze. Der is plak foar op syn meast fiif minsken.
Snits hie oant no ta gjin eigen winteropfang. Yn gefal fan need waarden dakleazen mei de taksy nei de opfang yn Ljouwert brocht.