Wenboulevard Wolvegea wreidet út

27 des 2005 - 17:19

Meubelboulevard HomeCenter yn Wolvegea sil takom jier 4 miljoen euro stekke yn de ferpleatsing fan de yngong en yn ekstra showrooms. Meiinoar moat der sa'n 4 tûzen kante meter bykomme. Dizze útwreiding en de opknapbeurt is it begjin fan it masterplan dat HomeCenter foar de kommende jieren opsteld hat.

Mei de nijbou krijt HomeCenter 60.000 kante meter romte. Troch de útwreiding komme der ek sa'n tsien arbeidsplakken by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)