Ynbrekker betrape yn Ryptsjerk

27 des 2005 - 15:59

By in ynbraak by in bedriuw oan de Ryksstrjitwei te Ryptsjerk is twadde krystdei in 57-jierrige ynwenner fan Zutphen oanholden. De man waard tegearre mei noch in persoan betrape, doe't se dwaande wiene in klûs iepen te brekken. De oare man wist te ûntkommen.

De man út Zutphen is oerbrocht nei it plysjeburo en de auto fan de beide mannen is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)