Auto tsjin beam

27 des 2005 - 15:43

In 28-jierrige automobilist út Oerterp is moandei tsjin in beam oanriden op de Bremerwei by Mearum. Troch de glêdens kaam de man yn de rjochterberm telanne en ferlear doe de macht oer it stjoer. De auto skeat nei de linker helte fan de dyk. Nei in swiep oan it stjoer kaam de auto yn de rjochterberm tsjin in beam ta stilstân.

Yn de auto sieten neist de bestjoerder ek in frou en in bern. De frou is ter observaasje nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)