Fûle striid op fiif kilometer

© Omrop Fryslân
Der wurdt tiisdei op Thialf in spannende striid ferwachte as it giet om de Olympyske startbewizen op de fiif kilometer foar de manlju. De Friezen Sven Kramer en Rintsje Ritsma moatte it opnimme tsjin de Olympyske kampioenen Gianni Romme en Jochem Uytdehaage, de spesjalisten Bob de Jong en Carl Verheijen en outsider Mark Tuitert.
Fan dizze acht toppers meie der mar trije starte yn Turijn. De froulju ride tiisdei de 1500 meter.