Tsunami-helpaksje docht fertuten

© Omrop Fryslân
De aksje fan de stifting Lanka Lamai út Surhústerfean foar Tsunami-slachtoffers op Sri Lanka is in sukses. De aksje begûn in dei nei de ramp.
Der waarden 40 konteners mei guod ynsammele en dy binne allegeare goed te plak kaam. Dat jildt ek foar de 200.000 euro dy't Lanka Lamai krigen hat. Mei it jild binne fiif skoallen boud en in soad hûzen en lytse bedriuwen repareard. Fierder krigen bern iten, medyske help en skoalleguod.