Jonge (19) oanhâlden nei klap

26 des 2005 - 09:59
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneintemoarn om 4 oere in Ljouwerter (19) oanhâlden fanwege mishanneling. De man hie op de Wuttelhaven yn 'e Ljouwerter binnenstêd in oare Ljouwerter (19) in fûstslach tsjin de holle jûn.

Op basis fan it sinjalemint fan it slachtoffer koe de plysje justjes letter de fertochte oanhâlde op it Gouverneursplein.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)