Krystdrokte yn supermerken

© Omrop Fryslân
Fryske supermerken belibben sneon ien fan de drokste dagen fan it jier. It wie de hiele wike al ekstra drok, mar sneon wie de pyk yn de ferkeap. In soad minsken hiene sneon foar de krystdagen frij en diene de lêste boadskippen.
De measte winkels hiene ekstra personiel ynset. Yn it begjin fan de wike lei de ekstra ynset om de 20% hinne. Sneon waard op in soad plakken it dûbele tal wurknimmers ynset yn ferliking mei in gewoane dei.