Fúzje NoordNed en Arriva

25 des 2005 - 13:50
Foto: Omrop Fryslân

De ferfiersbedriuwen NoordNed en Arriva fuseare offisjeel mei yngong fan 1 jannewaris. De namme fan de organisaasje wurdt dan Arriva Openbaar Vervoer.

NoordNed waard jierren lyn oprjochte troch Arriva en de NS. In pear jier lyn waard Arriva iennichst oandielhâlder. Beide organisaasjes fersoargje tegearre it treinferfier yn Fryslân, Grinslân en in stik fan Dútslân. Dêr sil tenei ek de namme Arriva brûkt wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)