Beetstersweach wurdt opknapt

25 des 2005 - 13:27

It gemeentebestjoer fan Opsterlân wol 200.000 euro útlûke om de omjouwing fan supermerk C1000 oan de westkant fan it sintrum yn Beetstersweach op te knappen. It parkearterrein by de winkel moat útwreide wurde en de omjouwing moat oantrekliker makke wurde.

De provinsje hat ek al goed 45.000 euro subsydzje jûn oan it projekt. De gemeenteried praat ynkoarten oer de bijdrage fan twa ton fan de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)