Rjochter bepaalt takomst Enna

24 des 2005 - 13:02

Spuitbussefabryk Enna Aerosols yn Dokkum sil sels it fallisemint fan it bedriuw oanfreegje at de rjochter net akkoart giet mei it ûntslach fan 66 personielsleden. Dat hat de abbekaat fan Enna freed sein by de behanneling fan de saak by de kantonrjochter.

It fabryk wol fierder mei 26 minsken. De fakbûnen gean net akkoart mei de ûntslachoanfragen. Sy easkje dat Enna mear jild beskikber stelt foar in sosjaal plan. Utspraak is 4 jannewaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)