Friezen binne belutsen by wrâld

© Omrop Fryslân
Friezen binne tige belutsen by de wrâld. Per tsientûzen ynwenners binne der hast fiif organisaasjes aktyf op it mêd fan ynternasjonale gearwurking en wrâldboargerskip. Yn de provinsje Gelderlân binne dat der bygelyks mar twa. Dat docht bliken út de Friese Wereldatlas.
It sintrum foar ûntwikkelingsgearwurking Tûmba hat ûndersyk dien nei de organisaasjes en hat de resultaten op ien website set.