Eastmahorn wurdt mooglik doarp

23 des 2005 - 11:48

Boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel wolle dat Eastmahorn de doarpsstatus krijt. Eastmahorn falt ûnder Eanjum. Ek de ynwenners wolle dat de Skâns in doarp wurdt.

It buertskip Eastmahorn is de ôfrûne jierren bot groeid. Der wurdt no boud oan Esonstad, in rekreaasjepark mei 240 wenten. De gemeente moat noch mei TPG Post om 'e tafel, om't de postkoades en adressen fan de ynwenners feroarje at Eastmahorn in doarp wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)