Riedstra keapet 'drugsopfang'

© Omrop Fryslân
Projektûntwikkelder Jan Riedstra is dwaande om it hûs oan de Willemskade te keapjen, dat de gemeente Ljouwert ynrjochtsje wol as gebrûkersromte foar ferslaafden oan harddrugs. "Dy minsken moatte wol in plakje ha, mar net hjir", sa seit Riedstra.
It hûs dêr't it om giet leit flakby it kantoar fan Riedstra. Troch de aksje fan Riedstra wurdt it noch dreger foar de gemeente om in gebrûkersromte te realisearjen.