Cazemier wol postkantoar hâlde

23 des 2005 - 11:40

Boargemaster Cazemier sil besykje de sluting fan it postkantoar yn Dokkum te kearen. It postkantoar giet foar de ein fan 2007 ticht en wurdt dan omfoarme yn in agintskip yn in winkel.

De FNP yn de rie fan Dongeradiel makket him soargen oer de gefolgen fan de sluting foar boargers en bedriuwen. Op oantrúnjen fan de FNP sil Cazemier dêrom besykje de sluting tsjin te hâlden. De gemeente wie net op de hichte fan de plannen foar de sluting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)