8 jier sel yn saak merkkeapman
It gerjochtshôf hat Douwe V. tongersdei yn heger berop feroardiele ta 8 jier sel foar syn oanpart yn de moard op merkkeapman Libbe de Jong fan Wolvegea. Tsjin de fertochte wie troch de advokaat generaal 14 jier easke.
De acht jier sel dy't it hôf no opleit is minder as de straf fan de rjochtbank. Dy lei earder dit jier 12 jier sel op. Libbe de Jong waard op 16 jannewaris fan dit jier yn syn eigen hûs om it libben brocht.