Banken finansiere Nuon-oandielen

© Omrop Fryslân
Fortis Bank en de Friesland Bank sille de 12 prosint Nuon-oandielen fan de provinsje Fryslân finansiere. Se meie dizze oandielen noch net ferkeapje. Troch in saneamde houdstermaatschappij kinne se no dochs oer it jild beskikke. Dat is foarearst 400 miljoen euro.
De provinsje sil it jild brûke om de begrutting op peil te hâlden en grutte ynfrastrukturele projekten mei te beteljen. It ministearje moat noch goedkeuring jaan.