Van der Duim net nei Rotterdam

© Omrop Fryslân
Tennisser Antal van der Duim út Finkegae docht net mei oan it ABN/AMRO indoor tennistoernooi yn Rotterdam yn febrewaris 2006. Van der Duim waard woansdei yn Almere yn in 'tennis-off' ferslein troch Peter Wessels.
Ynset wie in 'wildcard' foar it toernooi yn Rotterdam. Antal van der Duim wûn de earste set mei 6-4, mar moast yn de twadde set by in 0-3 achterstân op jaan yn ferbân mei in rêchblessuere.