Dûkers ynset foar reklamebuorden

22 des 2005 - 13:42

Oaljekoekebakker Sjoerd Everts fan Dokkum hat woansdeitemiddei dûkers ynhiere moatten om twa reklamebuorden werom te krijen. De buorden binne it ôfrûne wykein fan syn kream by de Wâldpoartsbrêge sloopt.

Tsjûgen hiene sjoen dat se yn it wetter bedarre wiene. Mei help fan de dûkers wiene de buorden yn tweintich minuten tiid wer boppe wetter. Fanwege it fandalisme doar Everts de buorden dizze winter net mear te brûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)