Dekker wol linichheid Waadfûns

22 des 2005 - 10:37
Foto: Omrop Fryslân

Minister Dekker fan VROM wol gjin strakke ferdieling fan de 800 miljoen euro yn it Waadfûns. Dat seit de minister yn in brief oan de Twadde Keamer. De minister sil foaral sjen nei de útkomsten fan de jierliks yn te tsjinjen en goedkarde projektoanfragen. It aksint leit op ekology en duorsume ûntwikkeling.

Fan de 800 miljoen euro giet 115 nei de kokkelfiskers en 10 prosint wurdt apart holden foar it opdwaan fan kennis.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)