Douwe de Vries fjirde yn Assen

22 des 2005 - 10:37

Miel Rozendaal fan Warmenhuizen wûn woansdeitejûn yn Assen de 10e maraton om de Essent Cup. Hy wie de rapste fan in kopgroepke fan trije man mei ien rûntsje foarsprong op it peloton.

Bêste Fries waard Douwe de Vries fan It Hearrenfean mei in kreas fjirde plak. Hy wûn de sprint fan it peloton foar de Frânsen Alexis Contin en de lieder yn it klassemint Cedric Michaud. By de froulju waard Maria Sterk fan Hallum 3de en Elma de Vries fan De Haule 4de.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)