Hearrenfean wol Ierske spits

22 des 2005 - 10:37

SC Hearrenfean hat neffens Ierske media it each falle litten op Liam Kearney. De Ierske oanfaller fan Cork City is transferfrij en wurdt mooglik de opfolger fan Klaas Jan Huntelaar.

Kearney hat it bestjoer fan Cork City witte litten dat hy it oanbod syn kontrakt te ferlingen, by him del leit. De oanfaller spile de ôfrûne twa seizoenen foar de Ierske klub, dy't foar it earst yn tolve jier de Ierske titel binnenhelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)