Huntelaar jout fuotballes

22 des 2005 - 08:14

Wa´t fuotballes fan Klaas_Jan_Huntelaar hawwe wol, kin biede op de webside fan radiostjoerder 3FM. Dizze wike hâldt 3FM in Goede Doelen-wike wêrby´t de dj´s presintearje yn in glêzen hûs op de Neude yn Utrecht. De opbringst is bestimd foar bern yn Kongo.

De sjonger fan de band Jovink_en_de_Voederbietels hat in tal saken ynbrocht foar de feiling, lykas de fuotballes. Huntelaar en Jovink komme út itselde doarp, Hummelo yn de Achterhoek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)