Ferset tsjin senioarewenten

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Sumar binne tsjin de plannen foar de bou fan senioarewenten yn it doarp. Dat die tiisdei bliken op de ynsprekjûn foar it nije bestimmingsplan.
Neffens dat plan komme der ûnder oare fjirtjin senioare-apparteminten yn in gebou fan twa lagen. Omwenners fine dat sa'n heech gebou net by it doarp past. Ein jannewaris wurdt it ûntwerp-bestimmingsplan bepraat. Dêrnei sil de gemeenteried deroer gear.