Koudum kâns op Europeeske priis

22 des 2005 - 08:04

Koudum is nomineard foar de Europeeske doarpsfernijingspriis. De twajierlikse priis is bedoeld foar doarpen mei projekten dy't op 'e takomst rjochte binne.

Yn Koudum is it sintrum folslein fernijd. Fierder is in multyfunksjoneel sintrum iepene mei ûnder oare fuortset ûnderwiis, bibleteek en muzykskoalle. Koudum wie mei seis oare doarpen yn de race foar de lanlike nominaasje. Takom jier wurdt de Europeeske winner bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)