Haven Skylge yn hannen gemeente

22 des 2005 - 08:01

De gemeente Skylge nimt de rykshaven oer. Dêr is jierrenlang mei Rykswettersteat oer ûnderhannele. De trije personielsleden geane mei.

Mei yngong fan 1 jannewaris takom jier wurdt de gemeente eigner fan de haven. Dêrmei wurdt de gemeente ek ferantwurdlik foar it behear en ûnderhâld. Yn de rin fan 2006 sil Skylge lisjild freegje foar de Brune Float. Woansdei giet de Skylger gemeenteried formeel akkoart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)