Medalje foar 140 militêren

© Omrop Fryslân
140 Militêren fan de fleanbasis Ljouwert hawwe woansdei in herinneringsmedalje krigen foar har ynset yn Afganistan. De ienheden sieten fan july oant en mei oktober yn Kabul yn it ramt fan de ynternasjonale fredesmacht ISAF.
Yn Kabul binne fjouwer F-16's stasjoneard dy't loftstipe jouwe oan de soldaten op de grûn dy't wurkje oan de weropbou. De fredesmedaljes waarden opspjelde troch generaal De Jong.