Sûkereimuseum yn de Wâlden

21 des 2005 - 22:55

De Wâlden krijt sa goed as wis in sûkereimuseum. Yn Damwâld sil te sjen wêze hoe't de 'cichorei'-tylt gie. Der komme in fabrykje en trije wâldhúskes. Fan de plantewoartels waard eartiids surrogaatkofje makke.

De tylt wie begjin 20e ieu populêr yn de Wâlden omdat dêr in soad wurkleazens wie en minsken maklik sels sûkerei bouwe koene. It museum kostet 1 miljoen euro. De provinsje, de gemeente en 'Europa' betelje it grutste part.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)