Wiis mei ferheging straffen

21 des 2005 - 17:36
Foto: Omrop Fryslân

Neibesteanden fan ferkearsslachtoffers fine it in goeie saak dat feroarsakers fan ûngelokken tenei stranger straft wurde. De Earste Keamer hat dizze wike it foarstel fan minister Donner fan justysje om de strafmaksima te ferheegjen, goedkard.

Per 1 febrewaris kin ien dy't in oar dearydt seis jier sel krije ynstee fan trije. As it ûngelok feroarsake wurdt troch bumperkleven, gefaarlik ynheljen of drank, kin it njoggen jier wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)