Waddenpas mooglik al yn 2008

21 des 2005 - 17:29

De waadeilannen krije mooglik yn 2008 in Waddenpas. Dat is ien kaart foar it iepenbier ferfier en toeristyske attraksjes. De provinsje is grut foarstanner. Hieltyd minder toeristen stappe op de eilannen yn 'e bus en dat kostet jild. In waddenpas moat dêr feroaring yn bringe.

De besunigings op it iepenbier ferfier op 'e eilannen wurde minder grut as earst soe. Wol moat der noch altyd in oantal ritten skrast wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)